Soargen oer drugs op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
In wurkgroep fan ferûntrêste âlden op De Lemmer wol de drugsproblemen ûnder de jongerein op it doarp oanpakke. Neffens guon âlden, dy't foarearst leaver anonym bliuwe, is it drugsgebrûk op 'e Lemmer te fergelykjen mei dat op Urk. Der wurdt neffens de âlders in soad soft- én harddrugs brûkt. Guon bern binne ferslaafd en ha ek skulden opboud by drugsdealers.
De âlders wolle de problematyk oanpakke en ek de plysje tips jaan oer dealers.