CWI meldt mear banen

© Omrop Fryslân
It tal banen yn Fryslân nimt foarsichtich ta. Dat konkludearret it Sintrum foar Wurk en Ynkommen (CWI) út eigen ûndersyk.
Alle CWI's yn Fryslân hawwe sneon in banemerk. Om safolle mooglik banen biede te kinnen, hâlden in tal pommeranten woansdei in bel-aksje. Se bellen bedriuwen op foar fakatueres. Dêroan mei diene direkteur Ritske Merkus fan Cambuur en Henk Kroes fan de Fryske Alve Stêden.