Soad Cambuur-spilers blessearre

© Omrop Fryslân
Alve spilers misten woansdei de trening fan Cambuur. By de Ljouwerter ploech sit de sikeboech grôtfol. Jan Bruin, Thijs Houwing, Ronny Venema, Angelo Zimmerman, Mitchell Pique en mooglik ek Dominique van Dijk binne tongersdeitejûn net beskikber foar de útwedstriid tsjin Stormvogels/Telstar.
De thúswedstriid Cambuur - VVV fan freed 8 oktober wurdt mooglik ferskood nei moandei 18 oktober. Twa spilers fan VVV spylje de 8e foar Jong Oranje.