Minder ynstjoerings foar Liet

29 sep 2004 - 16:21

Foar it festival Liet wiene dit jier minder ynstjoerings. Earder lei it tal tusken 50 en 60. Dit jier kamen der mar 41 binnen. Ut de ynstjoerings binne no tsien finalisten selektearre. Dêrby sitte Meindert Talma, it famkesduo Novelle en âld-Wiegel-Wjukkelder en dichter Hein Jaap Hilarides.

It festival is op sneon 16 oktober yn De Harmonie yn Ljouwert. De winner fan Liet 2004 komt op freed 22 oktober út yn de finale fan Liet Ynternasjonaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)