Restauraasje Broeretsjerke

29 sep 2004 - 14:10

Mei de restauraasje en oerkaping fan de Broeretsjerke yn Boalsert kin definityf út ein set wurde. De provinsje hat it projekt opnaam yn it provinsjaal restauraasjeprogramma en tasein yn 2009 nochris 250.000 euro mei te beteljen foar it projekt.

No't der lang om let dúdlikens is oer de finansiering, sille ek oare jildferstrekkers subsydzje jaan, lykas it nasjonaal restauraasjefûns. De Broeretsjerke baarnde yn 1980 út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)