Piip Drylts bliuwt faaks dochs

© Omrop Fryslân
De skoarstien fan Nooitgedagt yn Drylts wurdt nei alle gedachten net sloopt. De rie fan Wymbritseradiel prate tiisdei oer de takomst fan de piip. It útstel fan it kolleezje wie om it ding ôf te brekken. Uteinlik wie dêr lykwols yn de ried gjin mearderheid foar te finen.
Nei in diskusje is besletten dat de piip noch in kâns krijt. De skoarstien mei lykwols gjin leven meitsje en moat wol ûnderhâlden wurde.