Eringa mei bliuwe fan B en W

29 sep 2004 - 11:41

Trou-amtner Nynke Eringa mei oanbliuwe oant 2015. Dat hat it kolleezje fan B en W tiisdei besletten. Flak foar de simmer besleat in mearderheid yn de gemeenteried fan Ljouwert dat frou Eringa fuort moast.

Eringa wegeret homostellen te trouwen. De ried fynt dat dat net kin en passearde dêrmei it kolleezje. Dat besleat earder al om frou Eringa oant 2015 yn tsjinst te hâlden. No leit der dus in nij beslút fan it âlde stânpunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)