Brân op fiskkotter boppe Skier

29 sep 2004 - 09:46

Op in fiskkotter út Wieringen hat tiisdei koarte tiid brân west. It skip mei twa man oan board fear fjouwer mijlen noardlik fan Skiermûntseach doe't der om ien oere hinne brân útbruts yn de masinekeamer.

De rêdingsboaten fan Skiermûntseach en Lauwerseach wiene gau teplak. De bemanning hat de masinekeamer ôfsletten sadat it fjoer net troch suerstof opnij oplôgje koe. It fjoer wie dêrom gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)