Unrêst oer status Waad

28 sep 2004 - 15:52

De NLTO makket him grutte soargen oer it takennen fan de status 'natuerlik wetter' oan de Waadsee. Dat etiket krijt de see mooglik troch de Europese Kaderrichtlijn Water.

As de status trochgiet, stelt de Europeeske Uny hege ekologyske easken oan it wetter. Dêroer makket it NLTO him soargen. Der soe bygelyks allinnich noch mar tige skjin wetter op it Waad spuid wurde mei. Fryslân soe dan yn wetterneed komme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)