Weening tefreden oer Vuelta

28 sep 2004 - 15:39

De Ronde fan Spanje sit der noch mar krekt op, mar Pieter Weening fan De Harkema moat him al wer tarisse op it wrâldkampioenskip. Dat is snein, yn it Italiaanske Verona. Weening is selektearrre foar de tolvekoppige ploech, mei kopmannen Dekker en Boogerd.

De Vuelta wie Weening syn debút op it allerheechste nivo. Hy waard 59ste yn it klassemint. Weening begûn siik oan de Vuelta. Mar: 'Gemiddeld sjoen ha ik goed riden,' sa seach er werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)