Underhâld ZOAB-diken útsteld

28 sep 2004 - 14:39

It ûnderhâld oan fjouwer Rykswegen yn Fryslân wurdt mei in heal jier útsteld. It giet om de A7, A6, A31 en A32 dêr't in laach ZOAB op sit. Dit 'Zeer Open Asfalt Beton' is sjippeglêd by izel. Rykswettersteat wol mei in ekstra laach berikke dat de pikel better hâldt en dat de diken minder gau slite.

De wurksemheden wurde no earst takom maitiid útfierd. Rykswettersteat ûntkent dat de ferkearsfeiligens yn it geding is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)