Jagers by De Blesse oanholden

© Omrop Fryslân
Twa jagers binne moandei oanholden om't se de floara- en faunawet oertreden hawwe. In man fan 64 út De Blesse en in man fan 60 út 's Heerenbroek jagen nei it ûndergean fan de sinne op einen. De plysje hearde trije skotten.
De mannen jagen by in foerput binnen in straal fan 200 meter. Dat is ferbean. Ek is fuorjen mei as doel om wyld te lokjen net tastien. De plysje hat de wapens, in ein en in jachtakte yn beslach nommen.