Sluiter wol hegere rioellesten

© Omrop Fryslân
De rioellesten foar Ljouwerters moatte mei hast 15 persint omheech, sawat 150 euro de húshâlden. Dat fynt wethâlder Sluiter, mar dyn foarstel foel net goed yn de Kommisje Stedsûntwikkeling. De VVD wol de kosten drukke troch de oanlis fan nij rioel te kombinearjen mei oare wurken. De wetterkolken yn Ljouwert wurde tenei better skjinmakke. Dy sitte gauris ferstoppe om't de fei-auto's fan de gemeente se folfeie.