Kopie 'Gutenberg' yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Yn Frjentsjer wie moandei in spesjale bibel te sjen. It gie om in kopie fan de Gutenberg-bibel, it allerearste boek dat drukt is. Fanwege in kongres fan teologen wie de bibel yn Frjentsjer.
Fan de hûnderttachtich Gutenberg-bibels út likernôch 1450 binne der noch tweintich oer. Fan ien fan dy bibels binne no kopies makke. En ek al it in kopy, it giet om in tige bewurklik en moai boek. De priis leit dêrom noch by de 20.000 euro.