'Mear omtinken foar lânbou'

28 sep 2004 - 10:56

De trije noardlike provinsjes, Seelân en Flevolân freegje de Twadde Keamer om mear omtinken foar de grutskalige lânbougebieten yn ús lân. Se fine dat dat yn it nije ryksbelied te min bart.

Fernijing yn de lânbou soe mear stipe krije moatte, lykas it fergrutsjen fan it areaal lânbougrûn. Ek moat de ynternasjonale konkurrinsjeposysje ferbettere. It inisjatyf foar de brief oan de Keamer komt fan de Fryske deputearre Anita Andriesen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)