Man ferdronken yn haven Sleat

27 sep 2004 - 17:51

In 46-jierrige Dútser is sneontenacht ferdronken yn de haven fan Sleat. De man lei mei fjouwer freonen mei de boat yn de haven oan de Veermanskaai.

De fjouwer freonen hiene even de stêd yn west. Doe't se weromkamen giene se der fan út dat de man yn syn hut lei te sliepen. Pas de oare moarns ûntdutsen se dat hy net op de boat wie. Dûkers hawwe de man fûn yn it wetter neist de boat. Hoe't de man te wetter rekke is, is net noch dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)