Heliand oerset yn Nederlânsk

© Omrop Fryslân
De Heliand, in Aldsaksysk epysk dichtwurk, ferskynt foar it earst yn in Nederlânske oersetting. De Heliand giet oer it libben fan Jezus en stamt út begjin njoggende ieu. De oersetting komt begjin 2006 op de merk.
De Heliand is ien van de earste dokuminten fan it kristendom yn ús streek. De ûnbekende auteur pleatste de evangeeljes yn de Germaanske kultuer fan syn tiid, mei Jezus as fredeskening en de disipelen as trouwe striders.