Tolhúsbad privatisearje

© Omrop Fryslân
Privatisearring fan swimbad it Tolhúsbad yn Dokkum smyt de gemeente in foardiel fan 100.000 euro op. Dat hat it kolleezje fan b&w fan Dongeradiel berekkenje litten.
Ut offertes docht bliken dat in bedriuw út Gorinchem de eksploitaasje fan it swimbad it bêste dwaan kin. Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenterie no foar de eksploitaasje oan dat bedriuw te gunnen. De rie nimt dêr nije wike in beslút oer.