Kite-surfen mei yn Lauwersmar

© Omrop Fryslân
Der mei kite-surft wurde yn it Lauwersmargebiet. Dat hat it oerlisorgaan Lauwersmargebiet besluten. Earder hie dy noch twifels oer it tastean fan it kite-surfen. Sa skreaune se in brief oan de gemeente Dongeradiel om kite-surfen te febieden omt it de fûgels fersteurt. De gemeente fielde dêr lykwols neat foar.
Bepaald is no dat allinich by de Hoek fan Bant kite-surft wurde mei. It wurdt allinne tastien fan maaie oant novimber.