Fiif musea yn Museumregister

© Omrop Fryslân
Fiif Fryske Musea binne taheakke oan it Nederlâns Museumregister. It giet om it Ruurd Wiersmahûs yn Burdaard, it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân, museum it Damshûs yn Nijbeets, Fiskerijmuseum Aike van Stien op Skylge en it Museum voor Kerkelijke Kunst yn Warkum.
De musea foldogge oan easken as dat se publyk goed begeliede, dat meiwurkers saakkundich binne en dat se de sinteraasje op oarder ha.