Weening 89e yn 19e Vuelta-etappe

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema waard freed yn de njoggentjinde etappe fan de Vuelta, de Ronde fan Spanje, 89ste. De oerwinning wie foar de Spanjaard Constantino Zaballa. Dy ried yn dizze berchetappe de lêste 100 kilometer allinnich. Roberto Heras bliuwt de lieder fan it klassemint. Pieter Weening stiet op it 65ste plak. Sneon is noch in drege berchetappe, snein wurdt de Vuelta yn Madrid ôfsletten mei in tiidrit.