Dilemma foar CDA'er Algra

© Omrop Fryslân
It Fryske CDA-keamerlid Rindert Algra demonstrearret sneon mooglik tsjin it belied fan syn eigen kabinet. Yn Amsterdam is dan in grut protest fan de fakbûnen. As CNV-lid is Algra dêrby, mar oft er meirint, wit er noch net.
Algra fynt dat it kabinet wurknimmers te hurd treft. Hy hat syn hoop festige op foarstellen fan syn eigen partij om de hurde maatregels wat te fersachtsjen. Hy slút de foarming fan in eigen groep-Algra net út.