Rydbewiis fergetten

© Omrop Fryslân
In soad minsken stappe noch altyd sûnder rydbewiis yn 'e auto. Dat die freed bliken by in ferkearskontrôle op de A32 tusken Grou en Akkrum. Plysje, dûane, maresjaussee en de Ryksferkearsynspeksje setten santich minsken yn. De kontrôle duorre fan trije oere middeis oant en mei healwei njoggenen jûns.
Fan de 360 kontrolearre bestjoerders waarden 85 op de bon slingere. Trije riders hiene tefolle drank hân.