Ljouwerter (32) deastutsen

25 sep 2004 - 12:22

By in stekpartij yn de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert is freedtemoarn betiid in 32-jierrige man út dy stêd om it libben kaam. De plysje krige in melding fan in fjochtpartij en trof yn de Grutte Heechstrjitte it slachtoffer oan.

De man waard mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Dêr is er letter oan syn ferwûnings ferstoarn. De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de tadracht fan de stekpartij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)