Raket út WO II fûn yn Snits

25 sep 2004 - 11:50

By bouwurksumheden oan de Pim Mulierstrjitte yn Snits is freedtemoarn in raket út de Twadde Wrâldoarloch fûn. Eksplosive-oprommingskommando EOC hat it objekt ûndersocht. De raket waard yn de oarloch brûkt om startbanen foar fleantugen te ferneatigjen.

Oan de Pim Mulierstrjitte wurdt in sportkompleks boud. De raket leit op 150 meter fan de bebouwing. Der is gjin gefaar foar de omjouwing. It objekt is in heale meter grut en is fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)