Posysje trener De Boer net faai

© Omrop Fryslân
De posysje fan Dick de Boer as trener fan Cambuur stiet op it stuit net ta diskusje. It bestjoer fan Cambuur hat woansdeitejûn mei de ried fan tafersjoch gjin ultimatum steld oan de trener. Wol is it dúdlik dat ek it bestjoer net lokkich is mei de resultaten oant no ta.
Der wurdt fanút gien dat alles better wurde sil. Freedtejûn spilet Cambuur tsjin Veendam. By Cambuur binne op it stuit wol in soad spilers blessearre.