Tafallers Frjentsjerteradiel

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel hopet oer net al te lange tiid wer baas oer eigen finânsjes te wêzen. De gemeente koe de ôfrûne tiid de begruttingen net rûn krije en waard dêrom ûnder tafersjoch fan de provinsje steld.
Frjentsjerteradiel hat no lykwols oardel miljoen euro oan tafallers. Dat komt ûnder oare trochdat de renovaasje fan de binnenstêd foardieliger útfalt. Fierder moat de ferkeap fan boukavels twa miljoen euro opleverje.