'Skoarstien Drylts moat bliuwe'

24 sep 2004 - 10:33

De âlde skoarstien fan Nooitgedagt yn Drylts moat behâlden bliuwe. Dat fûn in mearderheid fan besikers fan in PvdA-harksit tongersdeitejûn yn de Stedsherberch fan Drylts. It kolleezje fan B&W joech earder in sloopfergunning ôf foar de skoarstien, mar in komitee kaam yn aksje om de piip te behâlden.

Tongersdei koe de befolking har foar of tsjin de sloop útsprekke. De PvdA nimt de útkomst mei nei it gemeenteriedsdebat oare wike tiisdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)