Sneon dei tsjin sinleas geweld

24 sep 2004 - 10:27

Foar de lanlike aksjedei tsjin sinleas geweld wurde sneon op De Westerein in pear hûndert minsken ferwachte. Mei in stille tocht, it oplitten fan wite ballonnen, muzyk en gedichten wurdt stilstien by de slachtoffers fan sinleas geweld.

Ek wurdt der in monumint foar Marianne Vaatstra ûntbleate by it winkelsintrum. Sy waard 5 jier lyn by Feankleaster ferkrêfte en fermoarde. It monumint bestiet ûnder mear út in knakt roaske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)