'Min steld mei popkultuer'

24 sep 2004 - 10:27

Der is yn Fryslân in soad belangstelling foar popmuzyk, mar it is min steld mei de popkultuer yn de provinsje. Der is te min oanbod en der binne te min fasiliteiten foar popmuzikanten. Dat konkludearret it ûndersyksburo Signo & S. It ûndersyk is hâlden yn opdracht fan it Frysk Popnet.

Ut it ûndersyk docht bliken dat ek fanút de polityk te min erkenning is foar popmuzyk. It buro tinkt dat it Popnet noch in soad wurk fersette moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)