36 oanjeftes fan oplichting

24 sep 2004 - 10:07

36 Friezen ha de ôfrûne moannen oanjefte dien fan oplichting troch in groep sigeuners. De groep bellet oerdei by benammen âldere minsken oan en wyt himsels mei in sneu ferhaal nei binnen te praten.

As de groep letter wer fuortgiet, docht bliken dat se weardefolle saken út de wente meinaam ha. It giet dan ûnder oare om bankpaskes, jild en sieraden. De plysje ropt noch hieltyd slachtoffers op om te beljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)