Snitsers wolle ôf fan Lidl

© Omrop Fryslân
De Lidl supermerk oan it Antoniusplein yn Snits moat ferdwine. Dat wolle omwenners fan de Lidl. Sy sizze dat de winkel net past yn it bestimmingsplan. Benammen it befoarriedzjen fan de winkel soargetfoar in soad lûdsoerlêst.
De omwenners ha in advokaat yn de earm naam om de gemeente Snits te twingen de winkel te sluten en him te hâlden oan it bestimmingsplan. De gemeente seit troch te gean mei oanpassing fan it bestimmingsplan.