Priis geloof en homosexualiteit?

24 sep 2004 - 09:34

De wurkgroep 'Geloof en Homosexualiteit Fryslân' is troch de stifting Humanitas nominearre foar de 'Extra Bemoei Je Er Mee Prijs'. Dy priis wurdt op 30 septimber útrikt yn Rotterdam troch boargemaster Opstelten fan dy stêd.

De priis is bedoeld foar minsken of groepen dy't harren ynsette foar de akseptaasje fan minderheden. De nominaasje komt as in ferrassing foar de wurkgroep Geloof en Homosexualiteit Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)