Fernijde site Fryslân Marketing
De ynternetsite www.beleeffriesland.nl wurdt hielendal fernijd. Dat is de ynternetsite fan it toeristysk buro Fryslân Marketing. It is de bedoeling dat Fryske bedriuwen har oanbiede op de site en dat toeristen fia de site har fakânsjes boeke kinne.
Doel is dat troch de site it toerisme yn Fryslân mei trije prosint tanimt. Takom jier wurde de Ingelske en Dútske ferzjes fan de site ûntwikkele.