Awa 18 novimber foar rjochter

23 sep 2004 - 10:21

De 16-jierrige Awa út Ljouwert dy't derfan fertocht wurdt syn even âlde eks-freondinne yn de brân stutsen te hawwen, moat op 18 novimber foar de rjochter yn Ljouwert ferskine. Dat hat it Iepenbier Ministearje woansdei bekendmakke.

Oft de saak tsjin de jonge op 18 novimber fuortdaliks ynhâldlik behannele wurdt, is noch net wis. Dêr wurdt lykwols wol op ynset, sa seit in wurdfierder fan it IM.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)