Demonstraasje plysjeminsken

© Omrop Fryslân
Goed hûndert plysjeminsken ha woansdeitemiddei op it Saailân yn Ljouwert protestearre tsjin it kabinet. De plysjebûnen binne benammen min te sprekken oer de plannen om in 40-oerige wurkwike yn te stellen sûnder salarisferheging en it skrassen fan it pre-pinsjoen.
De aksje yn Ljouwert wie ûnderdiel fan in grutte lanlike aksje. Lanlik binne goed 3500 plysjeminsken de strjitte op gien om de demonstrearjen.