Fermiste jonge weromfûn

23 sep 2004 - 09:39

De fermiste 14-jierrige Marten van der Meer fan Hurdegaryp is weromfûn, nei oanlieding fan de útstjoering fan it programma Plysjepost, tiisdeitejûn. De plysje krige tiisdei nei de útstjoering 9 tips oer de fermiste jonge. Ien dêrfan wie de gouden.

De jonge is fûn op De Harkema. De jonge wie fjouwer wike ferlyn fuortrûn nei problemen thús. De plysje is tefreden dat de saak sa gau oplost wurde koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)