PvdA-fragen oer opstân Marwei

22 sep 2004 - 16:14

PvdA-keamerleden Straub en Wolfsen ha minister Donner fan Justysje frege opheldering te jaan oer de opstân yn finzenis De Marwei yn Ljouwert. Dy rellen wiene ferline wike freed. De Marwei hat yntusken maatregels nommen tsjin de oanstichters fan it trelit.

De Keamerleden wolle wite oft de Marwei de ME ynsette moast fanwege personielsgebrek. De PvdA'ers fine dat de finzenis oer in eigen kalamiteiteteam beskikke moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)