Simmerdyk Burgum noch ôfsluten

22 sep 2004 - 15:08

De Simmerdyk by Burgum kin seker oant novimber ta net brûkt wurde foar autoferkear. Yn de dyk is in gat slein nei't in part fan de riolearring ynstoarten wie. Dy wie oantaaste troch ôffalwetter dat troch de lieding nei de wettersuvering giet.

Ek oare parten fan it rioel binne oantaaste. Dy sil it wetterskip ek ferfange. De skea rint yn de hûnderttûzenen euro's en dat wurdt betelle troch wetterskip en gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)