Besunigingen yn Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
Op it gemeentehûs fan Achtkarspelen ferdwine tsien banen as gefolch fan besunigingen. Ek wurdt ûnderhâld oan de diken en gemeentlike sportakkomodaasjes útsteld of yn leger tempo útfierd. Fierder giet de ûnreplik guod-belesting omheech.
De gemeenterie hat tiisdei fergadere oer besunigingsplannen fan 1,4 miljoen euro. De reorganisaasje op it gemeentehûs moat sa'n 350.000 euro opleverje.