Foarsitter Maccabi teloarsteld

© Omrop Fryslân
It net trochgean fan it UEFA-cup duel Maccabi Petach Tikva - Hearrenfean is in grutte klap foar Petach Tikva. Foarsitter Avi Luzon fan Petach Tikva fielt him swier dupearre troch de grutte staking dy't it fleanferkear stil lei. "Dizze ramp is net yn jild út te drukken. Ik haw fyftjin jier hurd wurke om de klub ynternasjonale útstrieling te jaan en no ha we neat."
Maccabi Petach Tikva soe woansdei debutearje yn it UEFA-kuptoernoai.