Sikkema fan Burgum nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
Transportbedriuw Sikkema Knollema BV ferdwynt út Burgum. Omdat de hjoeddeistige lokaasje te lyts wurden is, ferhuzet it bedriuw nei yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert. Dêr wurdt in nij gebou delset.
By Sikkema Knollema wurkje 60 minsken en it bedriuw hat 44 frachtweinen. Njonken de festiging yn Burgum is der ek in festiging yn Hoogezand-Sappemeer (Grinslân).