Nije oanwizings Hauler moardsaak

22 sep 2004 - 11:10

De plysje hat nije oanwizings yn it ûndersyk nei de moard op kroechbaas Fokko_Werkman fan De_Haule. Werkman waard yn oktober ferline jier fermoarde. Ut plysje-ûndersyk hat bliken dien dat der yn april 2004 yn deselde strjitte as it kafee ynbrutsen is. By dy ynbraak binne krekt as by Werkman sieraden en jild stellen.

De plysje hat oanwizings dat de dieder fan dy ynbraak ek belutsen is by de moard op Werkman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)