Kroegen Skarsterlân langer iepen

22 sep 2004 - 10:44

De iepeningstiden fan de hoareka yn Skarsterlân sille ferromme wurde. Dêrtroch komme de gasten mear ferspraat oer de nacht nei bûten ta en dat jout minder oerlêst. Fierder reizigje gasten sa ek minder gau nei kroegen yn oare gemeenten dy't langer iepen binne.

Oer de krekte iepeningstiden yn Skarsterlân sil de gemeente noch yn diskusje mei omwenners fan de kafees en mei de doarpen. No slút de hoareka noch om trije oere nachts de doarren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)