Jild foar útkeap Iselmarfiskers

© Omrop Fryslân
It ministearje fan lânbou en fiskerij makket sawat twa miljoen euro frij om Iselmarfiskers út te keapjen. Dat stiet yn 'e tiisdei presintearre miljoenenota. Minister Veerman wol dat der takommend jier 35 persint minder fisk fongen wurdt. Ek Noardseefiskers dy't frijwillich ophâlde kinne rekkenje op in útkeapregeling. Foar harren is fiif miljoen euro beskikber.
Op de begrutting fan 2005 stiet noch gjin potsje foar de kokkelfiskers.