'Mear dwaan oan wurkleazens'

© Omrop Fryslân
De ôfdielings sosjale en ekonomyske saken fan de gemeente Smellingerlân sille mear mei inoar gearwurkje om wat te dwaan oan de hege wurkleazens yn de gemeente. De gemeenterie fan Smellingerlân makket him soargen oer de wurkleazens.
It oanlûken fan wurkgelegenheid is foar minsken mei in leech ynkommen fan grut belang. De wurkgelegenheid yn Smellingerlân ûntjout him aardich. It tal ienmansbedriuwkes nimt bygelyks ta.