Sel easke foar âlde ferkrêfting

© Omrop Fryslân
Foar de Ljouwerter rjochtbank is tiisdei twa jier selstraf easke tsjin in man (51) út Achtkarspelen. De man soe 15 jier lyn in frou ferkrêfte hawwe yn in berging yn 'e Ljouwerter wyk Bilgaard. De saak koe yn 1989 net oplost wurde. De plysje kaam de man no op it spoar, omdat hy yn oare sedesaken as fertochte sjoen waard. De saak waard foarbrocht troch it coldcase team, dy't saken ûndersiket dy't driigje te ferjierren.