Skier wurdt 'duorsum' eilân

21 sep 2004 - 17:53

As it oan de Gasunie leit wurdt Skiermûntseach it meast duorsume eilân fan Nederlân. De Gasunie tinkt hjirby oan maatregels lykas in pear lytse waarmtekrêftsintrales, bussen en boaten op ierdgas en it taheakjen fan wetterstof oan ierdgas. It projekt fan 'e Gasunie is krekt begûn. De helberheidsstúdzje moat ein dit jier klear wêze.

Skiermûntseach moat as duorsum eilân in foarbyldfunksje krije, sa is it doel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)