Minder learlingen muzykskoallen

© Omrop Fryslân
It tal learlingen fan 'e Fryske muzykskoallen rint bot tebek. By guon skoallen giet it om mear as tsien persint fan it tal learlingen. De belangrykste oarsaak soe jildkrapte by de húshâldings wêze. Ek wurde de lessen djoerder omdat der minder subsydzje binnenkomt fan 'e gemeenten.
De Fryske muzykskoallen ha no hast gjin wachtlisten mear. Allinnich foar populêre ynstruminten as gitaar en slachwurk besteane noch wachtlisten.