Flearmûzen sitte rûnwei dwers

© Omrop Fryslân
In oanfleanrûte fan flearmûzen kin de oanlis fan de nije rûnwei fan Heech wolris folle dreger meitsje. Op dit stuit wurdt noch útsocht wêr't de nije rûnwei rinne sil. Doel is dat der aanst minder auto's troch it sintrum fan it doarp ride.
En dat is wer fan grut belang foar de koloanje fan goed 200 flearmûzen dy't fan 't simmer ûntdutsen is. Flearmûzen kinne net oer ljocht. De fjildbiologen ha in brief nei de gemeente stjoerd.